100 jier Fytsalvestêdetocht

De Fytsalvestêdetocht bestiet dit jier 100 jier. Ek de edysje fan ferline wike moandei wie wer in grut súkses. Fryslan DOK makke in portret fan dit evenemint en besike in ferklearring te finen foar it súkses van de tocht.

Tekener Peter Pontiac hat it ûntstean fan de earste Fytsalvestêdetocht yn fiif treffende platen ferbylde en argivaris Durk Reitsma fertelt oer de begjinjierren. Skriuwer Willem Schoorstra besiket de betsjutting fan de tocht en it gefoel dat dy by de minsken opropt, yn wurden te fangen. Publisiste en fytsleafhawwer Nynke de Jong docht sels mei en makket in ferslach fan har dei.

[Omrop Fryslân Juni 2012]